Oer Altenburg & Wymenga
Altenburg en Wymenga ecologisch onderzoek bv bestiet as ûndersyks- en adfysburo sûnt 1988. De omtrint 35 spesjalisten fan A&W hâlde har dwaande mei plannen en fyzjes foar romtlike ynrjochting, ekologyske effektstúdzjes, natoerhifkingen (natuurtoetsen), saken oangeande Natura 2000 en yntegraal wetterbehear. Ús opdrachtjouwers binne de lanlike, provinsjale en gemeentlike oerheden, yngenieursburo’s, wetterskippen, natoerbeskermingsorganisaasjes, maatskiplike organisaasjes, bedriuwen en partikulieren.
Ûndersyk oan en monitoring fan fauna en fegetaasje binne in wichtich fûnemint fan ús wurk. Ús buro stiet foar betrouberens fan ekologyske data, garre en ferwurke neffens wittenskiplik ferantwurde metoaden.

