Natura 2000 Water en klimaat

Op dit stuit hawwe wy gjin fakatueres.

Staazjes ôfstudearprojekten

Ús buro jout elk jier romte oan staazjes en ôfstudearprojekten foar Heger Beropsûnderwiis en Wittenskiplik ûnderwiis. Wy sjogge stazjêrs en ôfstudearders net as guodkeape wurkkrêften mar as boarne fan ynspiraasje en in tafoege wearde foar it bedriuw.
Betingsten foar in staazje/ôfstudearprojekt by Altenburg en Wymenga binne in goed ûnderboud foarstel yn it wurkfjild fan it buro, de mooglikheit ta foldwaande begelieding (fanút A&W en de oplieding) en in entûsjaste en belutsen wurkhâlding.
Konkrete mooglikheden foar staazjeplakken of ôfstudearprojekten wurde troch ús buro op disse site delset. Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei it buromanagement. Mear ynformaasje oer staazjes dy’t mei de waadsee te krijen hawwe kinne jo fine op: www.werkendwad.nl.