Werken aan Wadden en Noordzee

Ecologische kennis voor een sterk wad- en kustsysteem

Lees meer

OPIDIN

Flood forecast Inner Niger Delta

Lees meer

Roodstaart landschap

Readsturt lânskip

Lees meer

Better Wetter

Voor ecologie en economie

Lees meer
Home »

Altenburg & Wymenga ekologysk ûndersyk

By buro Altenburg & Wymenga dogge wy ûndersyk en jouwe wy adfys op it mêd fan ekology en lyksoartige tema’s sa as wetter, natuerbehear en romtlike ynrjochting. Us spesjalisten wurkje oer hiel Nederlân en foar in part ek yn it bûtenlân, en hâlde harren dwaande mei in grut ferskaat oan ekologyske fraachstikken.

Tink oan effektestúdzjes, adfysearing oer romtlike ynrjochting,  Natura 2000 saken, it yn kaart bringen fan floara en fauna, projekten oer yntegraal wetterbehear, en behear en ynrjochting fan natuergebieten. Us buro wurket yn de folle breedte fan it ekologysk fjild, wêrby ekologysk ûndersyk en in skerp each foar fauna en fegetaasje in wichtige basis fan ús wurk foarmje.

Fjildûndersyk hâldt ús skerp en dat komt nei ús betinken de kwaliteit fan al ús wurk  te’n goede. Foar net ekologyske spesjalismen wurkje wy gear mei ûnder mear saakkundigen op it mêd fan wetter, kultuertechnisy, lânskipsarsjitekten en stêdeboukundigen. Us opdrachtjouwers binne lanlike, provinsjale en gemeentlike oerheden, wetterskippen, yngenieursburo’s , maatskiplike organisaasjes, bedriuwen en partikulieren.

A&W hecht ek grutte wearde oan ûnôfhinklikens. Us buro stiet garant foar betroubere ekologyske ynformaasje, sammele en ferwurke neffens wittenskiplik ferantwurde metoaden en mei help fan moderne GIS techniken.A&W leveret dúdlike en begryplike rapportaazjes, mei oandacht foar in heldere prissintaasje. Belutsenheid, wille yn it wurk en koarte linen karakterisearje ús buro. Wy hechtsje sterk oan romte foar nije ideeën en persoanlike ûntjouwing.

Foar mear ynformaasje ferwize wy jo graach nei it Nederlânske part fân ús ynternetside.